Meer dan 5,3 miljoen beoordelingen en recensies Organiseer de boeken die je wilt lezen of gelezen hebt Het laatste boekennieuws Word gratis lid
×

De beam fan belofte

Wurkleazens, earmoed en strideraasje yn tsjerke! Reden genôch foar hûnderten Friezen yn ‘e midden fan de 19de ieu om fol betrouwen en hoop ôf te setten nei de ‘Nije Wrâld’. Se hienen in dream! Amearika wie it lân fan frijheid, romte, wurk en wolfeart.

Yn 1847 emigrearre in grutte groep Friezen nei de steat Michigan. In swiere en gefaarlike reis fol lijen en tsjinslaggen. Djipwei yn it oerwâld kappen se har in nij wenplak: Vriesland. It wie in striid op libben en dea.

Gerrit Damsma rekke (as journalist fan it Friesch Dagblad tidens syn reis troch Michigan) fassinearre troch de ferhalen oer dy earste lânferhuzers. Hy tekene harren libbensferhaal op yn dizze histoaryske roman, dy’t no as twadde druk ferskynt.

“In goede dramatyske opbou (...), de ein is sterk. In heldere en effektive styl. In weardige oade oan de iere Fryske emigranten.”
(Leeuwarder Courant)

“... fan dat momint ôf hat it ferhaal jin yn de besnijing en wurdt it dreech it boek oan ‘e kant te lizzen.”
(Friesch Dagblad)

“ ‘De beam fan belofte’ liket my in boek dat mear noch as ‘It wrede paradys’ de lêzer meinimt nei de rauwe werklikens fan it emigrantebestean yn de 19de ieu. In monumint!”
(Geandewei)
Toon details

Schrijf een recensie

Is De beam fan belofte het boek voor jouw Reading Challenge?
Op naar de challenge

Populaire boeken in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur

Gesponsord

Deze thriller trekt je razendsnel mee in een complot met onbetrouwbare staatslieden met hun eigen agenda's, internationale conflicten en hoogoplopende bedreigingen voor de samenleving.

Reageren op De beam fan belofte

Wil je kort reageren op dit boek of een vraag stellen aan andere lezers, plaats dan een reactie.