Meer dan 5,3 miljoen beoordelingen en recensies Organiseer de boeken die je wilt lezen of gelezen hebt Het laatste boekennieuws Word gratis lid
×

Tinne Twigen

Elk minskebern stiet op ‘e skouders fan syn foarâlden. Hy ken syn heit en mem, syn pake en beppe en soms noch syn oerpake of oerbeppe, mar dan hâldt it wol op. Al dy oaren wurde wei yn de dize fan it ferliene. Mar doch: se hawwe libbe. Minsken fan fleis en bloed.

Yn Tinne Twigen hat Gerrit Damsma - eartiids sjoernalist fan it Friesch Dagblad - besocht dy ûnbekende foarâlden wer ‘ta libben’ te roppen. It is in reis werom yn ‘e tiid, oant yn de Gouden Ieu. In kronyk fan tsien generaasjes yn fjouwer ieuwen. Oer lytse minsken mei har eigen lytse skiednis yn in grutte wrâld. Al dy geslachten binne kommen en gien en hienen har eigen ferhaal. En dat ferhaal giet al mar troch en al mar fierder. De âlde stam krige en krijt nije tûken. En oan dy tûken komme wer nije, tinne twigen.

Gerrit Damsma is ek de auteur fan 'De beam fan belofte', in histoaryske roman oer de emigraasje fan in grutte groep Friezen yn de 19de ieuw nei Amearika. Dizze pioniers wienen de stichters fan it plak Vriesland yn de steat Michigan. De Nederlânske oersetting hat as titel: 'De boom van belofte'. Tinne Twigen wurdt ek oerset: 'Dunne Twijgen'. Allegear útjûn by Brave New Books.
Toon details

Schrijf een recensie

Is Tinne Twigen het boek voor jouw Reading Challenge?
Op naar de challenge

Populaire boeken in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur

Gesponsord

Deze thriller trekt je razendsnel mee in een complot met onbetrouwbare staatslieden met hun eigen agenda's, internationale conflicten en hoogoplopende bedreigingen voor de samenleving.

Reageren op Tinne Twigen

Wil je kort reageren op dit boek of een vraag stellen aan andere lezers, plaats dan een reactie.