It Ferset

Literatuur & Romans

Ferset fan in heit tsjin de feroarings yn de tsjerke en de maatskippij en ferset fan in soan tsjin syn heit; it leveret in yndrukwekkende roman op.

Het verzet ferskynde yn 2002 as it Hollânske proazadebút fan Harmen Wind by De Arbeiderspers. De parse wie oer it algemien tige posityf.

Wind sei yn in ynterview dat er it boek beskôge as 'in Fryske roman yn it Nederlânsk'. Om ôfstân ta it ûnderwerp te krijen, keas er ynearsten foar it Hollânsk. Hy begûn mei de oersetting fuort nei de ferskining. It is lykwols mear wurden as in oersetting: dêr't him dat needsaaklik of gaadlik talike, hat de auteur útwreidings en (lytse) feroarings oanbrocht. Mei dizze útjefte yn de memmetaal is it ferhaal feitlik teplak. En krekt it foarlêzen troch de skriuwer sels jout it harkboek in ekstra diminsje.

Yn 2003 wûn dit boek de Debutantenprijs voor literair proza. (Stichting Perspectief, Dordrecht.) Foarsitter Elsbeth Etty (NRC) yn it sjueryrapport: 'Harmen Wind heeft een tijd- en leeftijdloze roman geschreven. Het Verzet was voor ons een openbaring, een ontdekking.'

Inhoud
Haatstik 1: Balans
Haatstik 2: Omkear
Haatstik 3: Gemis
Haatstik 4: Opbetterje
Haatstik 5: Ferwar
Haatstik 6: Rest

Uitgeverij
Audiofrysk
Imprint
Utjouwerij Fryslân
Uitgegeven als
Audioboek
Eerste editie
04-04-2009
Laatste editie
04-04-2009
ISBN
9789461496102

Populair in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur

Uitgelicht