Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003.
Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy’t troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er oan it fersyk fan Bouke Blomhof foldien. De fraach is oft er it mystearje fan it libben ek ûntdekt hat. Hy is yn elk gefal ta ûntdekking kommen dat de minske libbet tusken de skimmels ûnder syn fuotstappen en de stjerren boppe syn eachopslach. De namme fan it lêste boek hie likegoed wêze kinnen
Tusken Skimmels en Stjerren. Dêrtusken giet alles troch, ek nei it mystearje oan de ein fan In Fryske Odyssee.
