Spoar fan Abraham

Spoar fan Abraham is it fjirtjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996.

Boek 14 stiet yn it teken fan spoaren. Elk minske lûkt in spoar troch it libben, sa ek Abraham dy’t it rjochte spoar besocht te folgjen fan de belofte dy’t er krigen hie, mar soms kaam er op kronkelpaden terjochte.

Yn deselde stêd Oer dêr’t geitehoeder Mardoek nei syn romtereis nei de planeet An de lieding oer krigen hie (boek 13), wenne iuwen letter hoeder Abram. Yn Spoar fan Abraham wurdt syn reis nei it beloofde lân beskreaun, dêr’t er de stamheit fan Israel waard.

Uitgeverij
Aspekt B.V., Uitgeverij
Uitgegeven als
Paperback
Eerste editie
06-09-2021
Laatste editie
06-09-2021
ISBN
9789464247756
Aantal pagina's
158
Serie
In Fryske Odyssee
Seriedeel
14
Taal
Nederlands

Populair in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur

Uitgelicht