Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996.
Tusken heiten en soannen is it ferfolch op Tusken twa planeten. De eardere geitehoeder Mardoek is mei de astronauten fan de tolfde planeet wer op Ierde oankommen. Mei de kennis fan planeet An wurdt de ûntwikkeling yn it gebiet fan de Eufraat en de Tigris yn gong setten. Mei de bou fan twa stêden, Oer en Oeroek, ûntstiet yn relatyf koarte tiid in kultuer dy’t sûnder help fan de Anners net mooglik west hie. As Mardoek âld wurden is, sjocht er mei syn An-freonen werom op it enervearjende libben op twa planeten. Dêrnei nimt er ôfskie fan harren en kin er de holle rêstich dellizze op it plak dêr’t er foar it earst har romteskip sjoen hat.
