Wetter

Literatuur & Romans Kind & Jeugd

Wisse ferwûnderet him omraak. WETTER. Yn ’e goate, yn ’e sleat, yn in oargel, út ’e loft, út ’e kraan, achter de dyk, op it strân … Magysk fynt er it, en dat is it ek.

Syn mem en master litte him gewurde. Mei it boartsjen en ûntdekken komt ek it respekt foar wetter, tinke se. As Wisse op skoalle in brief oan de takomst skriuwe mei, dan giet dy brief fansels oer wetter, datst dêr net bang foar wêze moatst, moatst der gewoan hiel goed op passe.

De -foar it grutste part- blauwe yllustraasjes yn WETTER binne makke yn in mingde technyk. De yllustrator hat drûge nulle etsen (Tetrapak print), kombinearre mei kleurpotlead, inket, stimpels en sjabloanen.|
De etsen yn it boek binne makke as Tetrapak print, dat is in djipdruktechnyk sûnder gemikaliën.

Utjûn yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân

Uitgeverij
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Imprint
Afûk
Uitgegeven als
Hardcover
Eerste editie
27-11-2025
Laatste editie
27-11-2025
ISBN
9789493318694
Aantal pagina's
50

Populair in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur

Uitgelicht