Nachtskriuwer

Literatuur & Romans Non-Fictie

Hannah is restaurateur yn it Ryksmuseum. By tafal komt se yn oanrekking mei it wurk fan in blyn wurden Fryske dichter. Lykas Blynman is se grutwurden op it lân en by de bisten en yn syn poëzij fynt se har eigen bernetiid werom.
As restaurateur fielt se har sterk besibbe mei syn manier fan wurkjen. Dêr’t sy lagen troebel fernis fan skilderijen ôfhellet om de details en kleuren dêrûnder wer foar it ljocht te heljen, graaft Blynman troch desennia fan tsjusternis hinne, werom nei de bylden fan syn bernetiid, doe’t er noch wol sjen koe.
Se beslút om him achternei te reizgjen nei it Waadeilân dêr’t er alle simmers kampearret. Yn yntime petearen ûndersykje se de wurking fan it ûnthâld en de ferbylding. Mar foaral leart Blynman har wer de sintugen te brûken, op it eilân fan helmgers en fûgels, en by it swimmen yn ’e see.

Jannie Regnerus (1971) is skriuwer en byldzjend keunstner.

Uitgeverij
20 Leafdesdichten BV Bornmeer
Imprint
Uitgeverij Bornmeer
Uitgegeven als
Paperback
Eerste editie
05-10-2022
Laatste editie
05-10-2022
Vertaald door
Jetske Bilker
ISBN
9789056159955
Aantal pagina's
88

Populair in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur

Uitgelicht