Yn 1832 komt Kees Remmelts werom fan de Tsiendaaschse Fjildtocht mei Julia, in moai jong frommeske. Yn Smellie krijt se de namme Belse Madam. In lytse tweintich jier letter stjert se ûnder heimsinnige omstannichheden tidens in ferskriklik needwaar. Teade Wagenaar, in âlde maat fan Kees, sjocht yn in fisioen dat syn freon mandélich is oan har dea. Der binne wol mear minsken yn de gritenij dy't de eigensinnige Kees Remmelts ôfstraffe wolle. Mar bewizen binne der noait...