Sa'n man as Halbe Havinga, de haadpersoon yn dit boek, hie fansels noait plysjeman wurde moatten. Mar krekt nei de oarloch wie der oars net sa folle, men wie al lang bliid as men in baantsje krije koe. Sadwaande is de âldfersetsman by de plysje slagge. Goed 25 jier letter hat er syn nocht wol, mar krekt yn dy snuorje wurdt er konfrontearre mei de neisleep fan in drama, dat him yn de wylde dagen fan debefrijing, yn april 1945, ôfspile hat. Halbe Havinga wurdt der tsjin it sin yn behelle.