Meer dan 5,4 miljoen beoordelingen en recensies Organiseer de boeken die je wilt lezen of gelezen hebt Het laatste boekennieuws Word gratis lid
×

Libben en dea neffens Jelke Bos

Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben fan de minsken yn it algemien en dat fan syn baas Omkoal yn it bysûnder. Jelke rekkenet derop dat it manuskript mei syn tinzen oer it libben en oer de dea wol troch Omkoal fûn wurde sil. 'Ik skink him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje.'
'Fansels kinne wy hûnen wol prate, alle hûnen kinne prate al fan âlde tiden ôf oant hjoeddedei ta. Mar wy dogge it net. Wy sille wol gek wêze. As minsken yn 'e rekken krije dat wy prate kinne, dan is dat foar har in bewiis dat wy yntelligint binne en dan skêkelje se ús helendal yn it arbeidsproses yn.'
'Mar no't ik sels dwaande bin myn libben oer te eidzjen, haw ik spitigernôch gjin oare termen om myn fielingen mei te beneamen as de minsklike. Wy hûnen prate noait oer soks. En ik wit net oars of ik moat in wat grynderige toan oanslaan. No, dat liket my op fleanen, ik wol nofteren prate oer it libben en de dea en dat dwaan yn gewoane wurden.'

Toon details

Schrijf een recensie

Is Libben en dea neffens Jelke Bos het boek voor jouw Reading Challenge?
Op naar de challenge

Boeken van dezelfde auteur

Reageren op Libben en dea neffens Jelke Bos

Wil je kort reageren op dit boek of een vraag stellen aan andere lezers, plaats dan een reactie.