Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze kre?ften, Bertekre?ft, Kre?ftfilden, Kre?ft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren o?f (1944) oant en mei 1996.
Yn in ideale wra?ld soe men wra?ldlieders besko?gje kinne as gidsen, mar meastal is dat yn werklikheid net it gefal. In foarbyld fan in mislearre gids is George W. Bush, presidint fan de Feriene Steaten yn it begjin fan de 21ste iuw. Dizze wra?ldlieder wurdt foar it himelske gerjochtshof dage, de?r’t Mozes en Elia de rjochters fan binne. Yn it himelske hof wurdt it ferline fan Bush relatearre oan de skiednis fan it folk Israel en it libben fan Kristus, wat ta in bysu?ndere o?frin liedt.