Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjfjilden en Krêft fan it folk wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant 1991.
Yn Mei gidsen nei hichten is Bouke Blomhof foar soan Wiebe en syn freonen de gids op de Krúspôle as er it ferhaal oer it legindaryske eilân Atlantis fertelt. De terp fan Hegebeintum mei syn tsjerke hat troch de iuwen hinne in religieuze hichte west mei Kristus as gids. Martin Luther King en Nelson Mandela wiene respektivelik yn de Feriene Steaten en Súd-Afrika gids foar it folk. Oan de ein fan it tsiende boek komme de Nefifilim, de ‘bewenners fan de tolfde planeet’, al oan de oarder as gidsen fan de Soemeriërs.
