Meer dan 7,0 miljoen beoordelingen en recensies Organiseer de boeken die je wilt lezen of gelezen hebt Het laatste boekennieuws Word gratis lid
×
Lezersrecensie

Wurdskat

Boekenpearls76 08 december 2025
Resinsje fan:
De wurdskat
It idee foar ús boek ‘De Wurdskat’ kaam fan in freondinne fan ús dy’t op in basisskoalle wurket. Sy jout les yn Dútsk as twadde taal en treft altyd wer bern dy’t gjin wurden fine kinne foar gewoane, deistige dingen.
Faak binne se har der hielendal net bewust fan hoe ryk oft se wêze soene as se in gruttere wurdskat hawwe soene.
Wy fûnen it idee fan de ‘wurdskat’ sa moai! Taal is sa’n wêzentlik tema yn it deistich libben. Taal hâldt yn datst dy útdrukke kinst, minsken reitsje kinst en dat do en ik elkoar ferstean kinne – taal is it libben diele.
It idee fan in wurdskat hat ús ynspirearre om in ferhaal te ûntwikkeljen wêryn’t ôfbyldingen wurden wurde en wurden ôfbyldingen.
En dat op in humoristyske, flinterlichte en boartlike wize. Net belearend. Net koarkdrûch. De printen binne brêgen nei de wurden. Dy wurde dêrtroch taastberder en biede in soad romte foar fantasy.
It ferhaal moat oanmoedigje om mei de taal te boartsjen, ûndersykjend en nijsgjirrich te wêzen. Troch it byld fan de skatkiste wurde de wurden in kostbere skat.
Rebecca Gugger en Simon Röthlisberger
Oerset yn it Frysk:
Tjitske van Dijk en Hermien van der Meer
Oarspronklike titel:
Der Wortschatz
Skriuwers en illustrators:
Rebecca Gugger en Simon Röthlisberger:
Boarnne: de Afûk lesbrief
berne yn Switserlân, wenje tegearre yn Thun – by in bosk, op in berch en yn ’e frisse lucht. Rebecca in selstannich yllustrator/grafysk ùntwerper studearre oan ‘e Hegeskoalle foar de keunsten yn Bern en rint graach mei har holle yn ‘e wolken. Simon, kundich grafysk úntwerper, wurket as Art Director en hâldt dêrfan om it seil te hisen. No en dan wurkje se gear.
‘De Wurdskat’ is oarspronklik in Dútsk boek. It boek is al earder oersetten yn oare talen, sa as it Nederlânsk, it Ingelsk en it Gryksk, en no is it der ek yn it Frysk. Oare boeken fan Rebecca Gugger en Simon Röthlisberger binne
‘Ida und der fliegende Wal’ (‘Ida en de fleanende walfisk’) en ‘Der Berg’ (‘De berch’). Beide boeken binne al yn ferskillende talen oerset, mar noch net yn it Frysk.
De moaiste wurden fan Rebecca Gugger en Simon Röthlisberger binne ‘silberstill’ (sulverachtich stil) en ‘morgenblöd’ (moarnsûnnoazel).
Metoade fan lêzen:
Boek wûn fia Dieuwke van der Meer fan it Afûk panel foar myn resinsje mei dochter Femke (9).
Útjouwer: Afûk
Sjenre: berneboek foar
7 ta 10 jier.
Cover en tekst op de efterside:
In libbendiche cover. Ik sjoch in lyts mantsje dy at by in kiste stiet en allegear wurden troch de loft smyt. Om him hinne blêden en grien. De kleuren passe perfekt byinoar. Sa tekene as at je sa de cover yn kinne rinne. Op de efterside rint it fierder. Prachtich. Skattiche fûgeltsjes dy at krommels sykje.
De tekst op de efterside jowt ynformaasje en is nijsgjirrich meitsjend nei it ferhaal.
It ferhaal:
Ast se ienkear útsprekst,
hawwe wurden in magyske kracht.
Dus gean der foarsichtich mei om.
Mei wurden kinst de wrâld yn bloei sette.
En kinst ûnferwachts ek samar in wurd fan ien kado krije.
Quote:
‘Ast se ienkear útsprekst, hawwe wurden in magyske kracht. Dus gean der foarsichtich mei om. Mei wurden kinst de wrâld yn bloei sette. En kinst ûnferwachts ek samar in wurd fan ien kado krije.’
Myn lêsûnderfining:
Asto it boek iepenslachst fynst in skat oan Fryske wurden. Fantastysk om allegearre te lêsen. Fan pjut oant sûkerspinrôs nei kâldklomje.
Dit fûn Femke ek nijsgjirrich (hja praat sûnt 8.5 jier Frysk werom en is grutsk dat hja it sprekke, ferstean en lêse kin. Troch Selektyf Mutisme, efterkaam nei in artikel yn heit&mem, prate hja net. Nei de logopedy mar die wie Dûtsk en koe alinne Hollânsk dat Femke learde Hollânsk mar myn man, har sus en ik hawwe konsewint Frysk praat).
Oant safier de fokus en yntresse fan Femke. Hja woe it boek net tegearre besjen en lêse…iets mei pré pubertiid my tinkt. Want it belang fan wurden en twataligens seach Femke wol werom yn dit boek. Yn ‘e klasse leard hja master Frysk. Want hy kin it net.
Fierders hat Femke gjin nocht mear om diel te nimmen oan it Afûk panel.
Ik wol wol graach lid bliuwe omdat ik it wichtiche fan de Fryske taal promoasje wol; bliuwend en sichtber op sosjale media wêr at ik myn resinsjes fan boeken dy at ik lies delset.
Ik haw ek de lesbrief by dit boek besjoen op www.afûk.frl en waard dêr tige enthusjast fan. It soe op in Ljouwerter skoalle wêr’t it Hollânsk de boppetoan fiert perfekt passe. Ik sil it ris oerlizze mei de master.
Dit hiele boek troch rinst letterlik troch de yllustraasjes dy tydens it lêsen ta libben komme. Sa moai dien.
Persoanages:
Oskar: graaft oeral gatten mei syn skepke en graaft no in skatkist op. Gelyk die spanning dy asto fielst yn dyn liif. Wat sit dêryn?! Eins it hiele boek troch de haadpersoan. Sa no en dan in rol wei lein foar in oar. Lise wevet op it ein noch in pear wurden mei Oskar oant er sels de sprekwurdlike kaai fûn hat en it sels fierder kin. Oskar draacht op in hiel moaie wiize dit bjusterbaarlik moaie ferhaal.
Wat bard dêr allegearre :
In skat wurdt fûn en fan dêrút wurd it ferhaal, eins it grutte avontoer, wiidwreidich útrolle as in bol jern dysto út de tiis hellest.
In teater fan sjen, ynterpretearjen en beneamen, learsum omdat nije wurden rn harren betsjutting leart wurde. Ek de wiize en it wichtiche fan úterjen fan losse letters, kombinearje ta wurden en dy dêr fersteanber meitsje letterlik en figuerlik.
In geskikt boek om foar te lêsen, sels te lêsen, ferskate typkes del te setten om saken dy at barre fisueel yn wurden út te litte sprekken troch bern. Dit kin thûs of op skoalle yn de klasse. Miskyn tige geskikt foar de Fryske berneboekambassadeur om bern it Frysk mei te jaan op skoallen wêr ar it Hollânsk op de foargrûn stiet.
Myn miening:
Ik jow 5 stjerren.
In kleurryk, sterk bieldzjend ferhaal dat útnoeget ta noflik úntdekke mei bern, bersnbern of bonus bern.
Of foar in bern om sels te lêsen. In boek dat ek goed op skoallen tapasber is omdat boartsje mei wurden en wurdskat magysk en learsum is. Yn de skoalle bibleteek soe it ek hiel goed passe. De yllustraasjes meitsje dit ferhaal noch libbendicher en tille it nei in noch heger nifo op. Op de bledsiden sjochsto eltse kear wer wat nijs.
Ik haw mei in protte niget dit ferhaal lêst. Moai en tagonklik skreaun foar de bern fan 7 oant 10 jier. En net alinne bern want my as folwoeksene hat dit boek my ek betsjoene
De skientme sit yn de sterke brêge dy at hieltiid slein wurd tusken yllustraasje en tekst. Dat lûkt oan en hâldt de konsintraasje fêst.

Reageer op deze recensie

Meer recensies van Boekenpearls76

Gesponsord

Claire’s nieuwe leven wankelt wanneer haar verleden zich opnieuw aandient, en de zoektocht naar haar verdwenen zusje onthult een waarheid die gevaarlijker is dan elke leugen. Schrijf je nu in voor de Hebban Leesclub.

Geef De Wonderverteller cadeau, bekroond met de Gouden Griffel 2025 – voor jong en oud!