Meer dan 6,4 miljoen beoordelingen en recensies Organiseer de boeken die je wilt lezen of gelezen hebt Het laatste boekennieuws Word gratis lid
×
Lezersrecensie

Testament fan de siel

Boekenpearls76 19 augustus 2024
Resjnsje fan:
Testamint fan de siel
Side 20:
‘Wy ha beide in ferhaal’, sei ik. ‘Moat dat net it erfskip worden dat we neilitte?’ In âld leawen waard wekker yn my wekker: alles opskriuwe en neilitte oan dejingen dy’t nei ús komme. Dan krijt dat stikje rotlibben dochs noch in bysû ndere betsjutting. ‘Thomas’, sei ik suver ferromme: ‘Wy haw’ it oer it testamint fan de siel’.
Skriuwer: Hylke Speerstra
Hylke Speerstra is berne op 7 juny 1936 berne as boeresoan te Iemswâlde, buorskip ûnder Tsjerkwert. Hy folge lânbouûnderwiis en mei troch selsstúdzje begûn er syn sjoernalistike karriêre by it Fries Landbouwblad. Letter wurke er by de Friese koerier. Fan syn kollegaredakteuren Fedde Schurer, Laurens ten Cate en Rink van der Velde stiek er in soad op.
Yn 1970 waard er haadredakteur fan it skipperswykblêd Schuttevaer. Hy wie ien fan de betinkers fan it Agrarisch Dagblad. Yn 1986 waard er de earste haadredakteur en bliuwt yn dy funksje oant hy yn 1989 haadredakteur fan de Leeuwarder Courant waard. Dêr hat er wurke oant er mei de VUT gie yn 1996. Doe krige er echt de tiid om boeken te skriuwen. Hylke Speerstra is op it heden de meast suksesfoll Frysktalige skriuwer. Dat komt mei troch syn oansprekkende skriuwstyl en tematyk en syn warberens fan it yn de merk setten fan it eigen wurk.
Metoade fan lêsen:
Hurdcover boek krigen fan Bornmeer NoordBoek útjowers foar myn resinsje. Tige tank hjir foar.
Útjouwer: Bornmeer Noordboek
Genre: roman
Foarkant Boek:
In swart wyt foto út 1930 Alberta (Kanada) mei byskrift: Frank Kane riding the rails. In jonge man op it dak fan in ridende trein lizzend. Op syn syktocht nei wurk. En op it dak lizzend omdat hy net sinten hie foar in treinkaartsje.
Tekst op de efterkant:
In tekst dy at fuortendaliks by de kiel grypt. Twa libbensbeskriuwingen fan twa jonges. Nijsgjirrichmakkend nei harren ferhaal. In moaie foto fan de skriuwer.
Moaie tekst:
Gedicht fan Obe Postma:
IEN FOAR IEN
Ien foar ien ferlitte myn freonen it doarp.
Earst driigje hja in deimannich, en gean noch ris de wegen
fan har jonkheid,
Dan reizgje hja ôf foargoed.
Hja komme net werom; hoe soenen hja ek?
Hja gean faninoar en wurde oer wrâlden ferspraat.
Sa wurdt it doarp my in frjemd plak;
De huzen doar ik net mear yn ’e eagen sjen,
Kâld strykt de wyn om ’e hoeken.
Noch ien âld man bewarret al it libben;
Soms ferhellet er fan de fiten fan syn jeugd, fan de see en
it romme fjild.
– Mei it âld minske hat er jong west. Jûns binne hja meiinoar
de geafeart del riden;
Heech stie de moanne en donker lei it iis tusken de blanke wâlen.
Hy is noch sterk en in fêste húsman,
Mar as it lot it seit sil er syn hûs ferlitte;
Dan is it doarp útstoarn en allinne de skimen kinn’ ús tasprekke.
It ferhaal:
Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn ’e kunde komme. Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene. By tafal komme se derachter dat harren hertferskuorrende libbens ferweven binne…
Myn miening:
Dit ferhaal oer twa mannen, Thomas Akkerman en Ids Faber haw ik graach lêsen. Sa yngetogen, sa prachtich byldzjend mar ek tragysk en hertferskourrend. Harren libbensferhalen oan elkoar ferteld. Krekt as wie ik dêr tsjûge fan.
De brekberrens fan beide âlde mannen dy at merkber en sichtber is yn harren liif. Mar harren geast dy at noch sa sterk as in dyk is. De ferskourrende en djippe pine dy at it libben harren die skourde my ek troch de lea. It lêsen fan dit ferhaal giet hurd. Hieltiid binne je benijd wat dêr allegearre bard is yn it libben fan Thomas Akkerman en Ids Faber. Ek at ik net lies wiene beide mannen yn myn tinzen oanwêzich. Sa moai wurd it ferwurdde dat wêr yn de wrâld ek wenje je altyd werom tinke oan it plak wêr at je widze stie. Je draache it mei yn it DNA. En dat de memmemolke net alinne wichtich is om te fieden mar ek soarchet foar waarmte, in gefoel fan leafde en koestere wurde. Dat it tjuster en kjeld fourthelje kin. Mar ek dat je altyd langje nei in memme earm dy’t je omklammet. Dat je it dan wol rêde. En al fiele en krije je net de leafde fan de minsken wêrt je DNA mei diele je altyd langje nei harren oandacht en leafde. Dizze twa libbensferhalen binne wurklik fan in unyke skientme. Dit ferhaal hawt my djip rakke. It lit je neitinken oer je eigen libben, je eigen DNA. It makket dat je noch mear fêsthâlde wolle wêr at je fan hâlde. Ik wie al fan fan Hylke Speerstra mar nei it lêsen fan dit boek noch mear. Tige tank dat ik mei op reis mocht. It wie sa bysûnder en sa prachtich. Mar ek hertferskourrend, slim en fertrietlik. It ein fan it ferhaal is bjusterbaarlik en únferjitlik.
Myn oerdiel:
Ik jow fiif stjerren.
In skriuwer dy at my tinke litte kin dat alles yn dit ferhaal wier plak fûn hawt wylst it ek diels fiksje is dy hawt in fantastysk ferhaal skreaun. No noch kin ik Thomas en Ids úttekenje en kin ik my ôffreegje at de beide manlju noch libje. Ik bin fan harren gean hâlden. Faaks woe ik myn earms om harren hinne slaan at it libben net leaf foar harren wie. Mar ek woe ik harren komplimentearje mei harren izeren nocht om dochs de leafde en de skientme fan harren libben te sjen. En dat ek troch te jaar oan harren bêrn. In protte wie werkenber foar my. Alles kloppet de opbou, de byldzjende skriuwtaal, de libbendiche personages, it toferjen mei taal en it bjusterbaarlike ein fan dit boek.
Yn tal fan interviews lies ik dat dit boek in Magnus Opus wie. Mar ik bliuw de hope hâlden dat Hylke Speerstra noch mear peareltsjes fan boeken skriuwe sil.

Reageer op deze recensie

Meer recensies van Boekenpearls76

Gesponsord

Terwijl Emmy probeert de raadsels op te lossen die door twee verdwenen tienermeisjes zijn achtergelaten, realiseert ze zich dat ze hen nooit écht heeft gekend. Elke tiener heeft geheimen, maar wie zou ervoor willen moorden?